Legger is fernijd yn Fryslân: it hie oars moatten
Yn de hjerst fan 2008 hat Wetterskip Fryslân in nij leggerbeslút naam. It lei yn de fakânsjetiid en de ûngetiid yn te sjen. Yn septimber is ôfkundige en yn novimber wurdt it ynfierd. Ien saak dy’t dêryn regele is, is it meitsjen en ûnderhâlden fan hikken en sleatten tusken twa yngelanden. Ek troch it tal beswieren hie it neffens my sa net wêze moatten, de spulrigels doge net. Elk wurdt net lyk behannele, in hânfol foarbylden:
- In tochtsleat begjint earst wêr’t it wetter fan 50 bunder lân troch streamt. As jo no boer binne mei 40 bunder lân, wêrfan 30 bunder húslân en 10 bunder oan de oare kant fan de dyk, dan binne jo fan buorman ôfhinklik at dy wol of net heakkelt. Yn wiete riten, mar ek by droege riten kinne jo dêr dan knap lêst fan ha: it wetter streamt dan te sunich nei it gemaal ta mei as gefolch sêfte grûn dy’t bot troch it fee yntrape wurdt. By droechte ha je te min wetter yn de sleat, sadat it fee djip yn de wâl moat om te drinken, de wâl wurdt ferwâde en boppedat wurdt de grûnwetterstân te hol. Der hie neffens my yn stean moatten dat de tochtsleat oan de lêste (boer) yngelân ta troch rinne moat.
- Der hie ek, foar alle yngelanden lyk, yn stean moatten dat foar elke 100 meter lânbreedte, in sleat 3 meter breed wêze moat. By in stik lân fan 200 meter wurdt de sleat dan 6 meter. Der moat romt wêze om reinwetter tydlik op te fangen en ek om dit swiete wetter fêst hâlde te kinnen. Soks heart gewoan by in feilichheidsplan. Troch it tichtsmiten fan sleatten en oanelkoar breidzjen fan stikken lân, moatte wy no mei-elkoar betelje foar de oankeap fan gebiet wêr’t sok wetter fêsthâlden wurde kin. Boppedat, by droechte is sok wetter hielendal net mear wêr’t it wêze moat.
- Mei de ruilferkaveling binne der noch al wat heakkeldammen oanlein: dêr lizze se dan, dammen dy’t mar ienris jiers brûkt wurde en in soad jild koste ha. Troch it leggerbeslút binne der tal wat dammen dy’t no net wer brûkt wurde troch de heakkelder. Guon dêrfan set Wetterskip Fryslân no ek noch draaihikken op en docht se efterstallich ûnderhâld oan. Soks op kosten fan ús mei-elkoar, wylst der ek boeren binne dy’t sels alles yn oarder makke ha. Sok ferskil heart der ek net te wêzen.
Yn it koart sein: de teory en de praktyk by Wetterskip Fryslân, slute mar min op elkoar oan. En de yngelân kriget it lijen en de rekken. Turns Hessel Bouma

It leggerbeslút hie oars moatten